Myn blog

De lêste foto is sketten!

c_164_150_16777215_00___images_kykjes_project-365_Projekt-365.jpgTiidens ald en nei ha ik myn lêste foto foar it Projekt sketten. Oan de iene kant hiel jammer..it is wol iets wêr't je een jier drok mei dwaande west binne.

 

It wie fansels  ek in prachtig jier om te dwaan: myn ofstudearje oan de universiteit, de berte fan Lieke, ús fekânsjes, de alvestêden mei Marrit, trouwerij fan Alys en Marion, it  diamanten houlik fan pake en beppe en fansels alle feesten, sa as de jierdeis, 5 mei, keninginnedei, sinterklaas, kriist ensafierder.

 

No wiene disse mominten natuerlik ek krekt de dagen dat it net sa dreech wie om in foto te meitsjen. Krekt de dagen dêr tuskenyn wiene lestich. Sa ha ik faak sykje moatten nei in bield fan de dei. Soms makke ik mei dêr wolris maklik fanôf, in oare kear makke ik d'r echt wurk fan!

 

Jo snappe fêst dat der al mei al in protte tiid yn sitten hat. Soms sa folle dat it better útwurkjen fan in foto dêr faak by yn sketten is. Ik ha nog wol twivele om nog in jier troch te gean, mar ha om it foargeande besletten om de kommende tiid mear tiid te stekken yn ien foto; kwaliteit foar kwantiteit! Nettsjinsteande bin ik bliid en in bytsje grutsk dat ik myn doel folbrocht ha! It hat mei in skitterend jieroersjoch jûn fan ôfrûne jier! Jimme bedankt foar it posearjen en de leuke reaksjes op de bielden!

 

 

Nei de foto's

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen