Myn blog

De tsjerke fan Boksum

c_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Intro.jpgWurd it dan dochs nog winter? Ik tink fan wol. Ik hoop yn elts gefal fan wol, want de winter jout moaie plaatsjes. Mar der wacht ik net op! De lêste dagen leit d'r moarns al wat froast...dus greep ik mien kâns om alfêst wat winterse plaatsjes te sjitten!

  

Fanút de auto, ûnderweis nei Warkum, hie ik al in pear kear sjoen dat de tsjerke fan Boksum de moeite wurdich is! Justerjûn hie ik al efkes fia Google Maps socht wer ik mei it bêste koe ynstalleare, dus fertrok ik fannemoarn betiid op'e fyts richting Boksum. Betiid omdat ik op it internet al opsocht hie dat de sinne op komme soe om 08:39 oere. In heal oere foar en in heal oere nei de sinne-opgong, ek wol it gouden oerke foar de fotografy, is it ljocht it moaist foar de foto's. It wie sa'n 30 minuten fytsen, dus fertrok ik om 07:40 oere.

 

Dit wie eins al te let, want wylst ik nog op'e fyts siet wiene d'r al moaie kleuren yn'e loft! Doe't ik oankaam wie de loft net (mear) sa moai as ik mei foarsteld hie! Ik nam it beslút om mei mear op'e tsjerke te rjochtsjen, dy't skitterend op in terp stiet. De omjouwing, de kale beammen, de fûgels en de froast jouwe it gefoel of giest wer werom yn'e tiid. Dit gefoel woe ik ek oerbringe mei de foto's. Hjirûnder in oantal út de serie Boksum. Jo kinne op de foto klikke foar in grutter formaat.

 

c_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Panorama-2.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Panorama-3.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Panorama.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Boksum-1.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Boksum-2.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Boksum-3.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Boksum-4.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Boksum-5.jpgc_164_150_16777215_00___images_kykjes_Blogs_Boksum_Boksum-6.jpg

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen