Myn blog

It ferhaal efter...

c_164_150_16777215_00___images_kykjes_Ferhaalefter.._Robert-Capa---Omaha-Beach.jpgIn nije rubryk: It ferhaal erfter.. In disse rybryk sil ik gauris in bekende foto pleatse en it ferhaal d'r efter fertelle. Robert Capa mei disse kear it spit ôfbite.

 

Robert Capa wie yn fan de bekenste oarlochsfotografen fan de tweintichste ieu. Hy berne as  Endre Ernó Friedmann en hat yn syn libben fotografysk ferslach dien fan fiif oarlochen, doe't d'r yn 1954 per ûngelok op in myn stapte.

 

 

Disse foto fan de ynvaazje yn Normandië, wer't d'r net folle fan binne, is wierskynlik ien fan de bekendste. Disse foto foarmt tegearre mei nog tsien oare foto's, de kostberste tsjûgenis fan de lâning van de alliearden yn Normandië. Capa, dy't syn eigen libben op it spul sette, makke 72 foto's, mar d'r bleauwen d'r mar 11 oer omreden dat een laborant in flater makke troch yn syn haast de temperatuer by it droegjen fan'e foto's te heech te setten. LIFE publisearre de foto's destiids mei de titel 'Slightly out of focus', in titel dy Capa mei folle irony brûkte foar syn autobiografy.

 

"Doe't ik ophold mei foto's meitsjen, fielde de see yn myn broek kâld oan. Mei tsjinsin probearre ik mei los te meitsjen fan myn stielen peal, mar eltse kear waar't ik werom dreaun troch de kûgels. Op minder as 50 meter foar my ferskynde in amfibyreau út it wetter dy't mei beskerming joech... Ik berikte it troch mei in paad te banen tusken de driuwende liken. Ik stoppe in pear minuten om nog foto's te meitsjen en doe raapte ik alle moed by elkoar om de lêste sprong te weagje en it strân te berikken."

 

De foto's dy't Capa die dei makke hat binne, sels no at se fernield binne troch de laborant, it frjemdste foarbyld fan syn moed en syn gefoel oer it ferhaal. De foto's binne de kostberste tsjûgenis fan de lâning  en binne al tûzenen kearen brûkt om it ferhaal en de kontekst te rekonstruearjen.  

 

 

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen