Myn blog
Kruiend iis yn Hylpen
- Gegevens
- Gemaakt op maandag 20 februari 2012
- Geschreven door Jelmer
Hylpen hie ôfrûne dagen in grutte trekpleister: kruiend iis! It wykein binne d'r tûzenen minsken west te sjen nei dit moaie ferskynsel. Fansels moast ik der ek efkes hinne mei de kamera.
Sa bin ik d'r sneon te midje efkes west te sjen. Nei in oere fan file ride (Ja? Ja, nei Hylpen!) koene we de auto moai oan de seedyk parkeare. Earst nog efkes in lytse klim oer de seedyk en doe kaam it kruiend iis in sicht. Oer in lingte fan in pear hûndert meter leine bergen, fan sa'n fiif meter heech, opskood iis.
In prachtig wintersk plaatsje dat skitterende foto's oplevert.
Omdat ik ek nog wat foto's meitsje woe sûnder minsken, wie ik d'r moandei te moarn healwei achten opnei efkes foar in pear foto's.
Hjirûnder ha ik in oantal fan disse plaatsjes set. At jo op'e foto klikke krije jo de foto in grutter formaat te sjen.
