Oer my!
Myn namme is Jelmer de Vries. Sa at jo sjen kinne komt myn skaainamme (yn sprektaal) werom yn’e namme fan myn webside, DeFreez. Mar werom soe ik dan net gewoan DeVries.nl brûke?
Om’t der mear efter sit!
At jo in ‘e’ efter freez sette, dan krije jo ‘freeze’. En dat is no krekt wat ik doch as fotograaf, mominten befrieze! ‘DeFreez’ soene jo lèze kinne as ‘defrost’, wat wer ‘ûntteie’ betsjut. En dan bedarje we no op it punt fan wat it doel is fan myn webside! Myn doel is om troch myn foto’s en de ferhalen dy’t op dizze webside komme te stean, de beferzen mominten op’ e nei ta libben te krijen!
En ta beslút..jo hawwe it fêst al yn’e gaten, bin ik ek noch ris in echte Fries!
Noch wat oer mysels. Fanôf 2008 bin ik yn it besit fan in spiegelreflex- kamera. Rom foar dy tiid, wie ik gauris oan’e gong mei it sjitten fan’e moaiste kykjes. Tiidens fakansjes make ik samar wol tûzen (lang libje it digitale tiidperk!). Efternei wiene der faak mar in pear de mouite wurdich.
Dèrom freeche ik my of wer it oan koe lizze. Wat soarchet der no foar dat de iene foto no safolle moaier is as de oare? Ik sneupte wat op it internet, seach yn boeken, en kaam ta it beslùt in fotografy kursus te folgjen. Ik ha der leart oer ynstellingen, kompositie, beljochting, en safolle mear wat der by it fotografearjen sjen komt. No meitsje ik nog altyd in protte foto’s, mar yn tsjinstelling oant foarhinne, doch ik dat no bewust. Ik besjoch de situaasje, it ljocht, de gearstalling, en ik befries it momint wannear at ik fien as alles goed stiet. Troch de fotografy haw ik leart bewuster om my hinne te sjen, ek at ik de kamera net by my ha. Bewuster sjen nei minsken en foarwerpen, nei de treffende bylden dy’t de natuer ùs jouwt.
Dàt sjen wer’t jo gewoanwei foarby rinne, dat fien ik it moaiste! Troch de foto’s dy’t ik meitsje kin ik dy moaie en bysûndere mominten wer op’e nei belibje. Ek dat wie ien fan’e oarsaken werom’t ik in webside bin begun. Om sa dizze mominten net mear allinne te belibjen mar om se mei eltsenien te dielen!
Auteursrjocht: Portretrjocht:
Neat fan dizze webside mei hoe dan ek fermannichfâldige wurden sûnder dat dêr skriftlike tastimming fan de makker oan foarôfgiet. Jo kinne hjiroer kontakt opnimme fia it kontaktformulier.
De makker is op'e hichte fan jo rjochten. Ha jo dochs in reedlik belang dat harren tsjin publikaasje ferset, dan kinne jo dat kenber meitsje fia it kontaktformulier.
